Thús - 1 - 2 - 4 - 7 - A - B - C - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y - Z



Op fryskemuzyk.nl fine jo alle Fryske muzyk en films op cd as dvd. Klik op ien fan de letters as sifers hjir boppe om in oersjoch te krijen fan alle skiven mei dy begjinletter as klik op Thús om nei in samling ferneamde skiven te gean.


De scheepsjongens van Bontekoe


De scheepsjongens van Bontekoe (2007)

Johan Fabricius liet him begjin 1900 ynspirearje troch de sjoernalen fan Willem Ysbrantz Bontekoe. Basearre op dit ferhaal skreau hy syn romantisearre fersje De Scheepsjongens van Bontekoe. Hajo wol nei see ta as skippersjongen op it skip fan skipper Bontekoe. Syn mem, dy't har man op see ferern hat, docht der alles oan om him oan wâl te hâlden, mar de rop fan de see is te sterk en Hajo's oanwêzigens op it lân bringt neat oars as ellende. Padde, syn ûnhandige maat, kin gjin ôfskied fan him nimme. Hy springt krekt foar it fuortgean oan board. Men beslút dat er mei fare kin oant Harns dêr't buskrût ynslein wurde moat. Dêr sil Padde mei in tjalk mei werom nei Hoarn fare. Padde falt allinnich yn sliep en wurdt pas wer wekker op folle see. Oan board slute Hajo en Padde freonskip mei Rolf, in jonge dy't al lêze en skriuwe kin. Op harren tocht nei Oast belibje hja tegearre mei skipper Bontekoe spannende avontoeren. Wannear't nei in brân it folsleine skip de lucht yn fleant witte Hajo, Padde en Rolf oan board fan in sloep te kommen. Skipper Bontekoe liket fersopen te wêzen. Dagen lang dobberje sy op see rûn sûnder iten en drinken mar dan komt Java yn it sicht. Op Java wurde sy allerminst hertlik ûntfongen, mar mei de help fan de moaie Dolimah meitsje sy in spannende tocht troch de jungle. Sille sy Batavia ea berikke?